Ekstra promoasje foar ondersteande Fryske boeken
Wurdskat
Oskar fynt by it skatgraven in grutte kiste. Hy makket de kiste iepen, mar dan blykt dat der allinne mar wurden yn sitte. Oskar is bot teloarsteld, oant er de kracht fan wurden ûntdekt.
In orzjineel printeboek mei boartlike en humoristyske yllustraasjes oer wurdskat en fantasy. Fan 7 jier ôf.
Rôf fan de Fryske mummy
De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste en saaiste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy’t dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys!
Mar as se in besite oan de tsjerke bringe, sjocht Anna in frou wat fertochts dwaan. Wol sy ien fan de mummys rôvje?
Wer is myn skaad
Op in dei binne de freonen Pykje, Kikkert, Stikelbaarch, Knyn en Iikhoarn oan it skaadboartsjen. As der in wolk foar de sinne skood ferdwine ynienen alle skaden. Hoe’t se ek sykje, se fine it skaad net. Gelokkich wit pake hoe’t soks komt; skaad is der allinne as it ljocht is.
Romeinen, de opstân fan de Friezen.
De opstân fan de Friezen is in prachtich tekene, spannende, grappige én learsume strip. It boek is basearre op histoaryske feiten: de Fryske opstân fûn plak yn 28 nei Kristus. Oanlieding foar it konflikt wie dat de Romeinen fûnen dat de oksehûden dy’t de Friezen as belesting betelje moatsten net grut genôch wiene.
Achteryn it boek binne tsien (Nederlânstalige) siden opnommen, dêr’t mear yn útlein wurdt oer de skiednis fan de Romeinen yn Nederlân en it konflikt tusken de Friezen en de Romeinen.
Achlum Nobusco
Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hij wennet al trettjin jier yn ’e skieppeskuorre ûnder oan ’e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal. Bern dy’t oer him dreame, wurde gûlend wekker.
Dat jildt net foar Mark en Nina van der Vliet. Dy ha noait bang foar Achlum west. As se op in middei wettermonsters nimme út ’e see, meitsje se kennis mei Achlum. Se fine him aardich en sjogge dat er sachte brune eagen hat, as fan in hiel leaf dier. Se ferjitte dat se eins net mei him prate meie en gean mei nei de skuorre.
Wer is Stip
Stip moat ite, mar wêr soe er wêze?
Wa sitte der ferskûle achter de flapkes?
Tutsje derop
It hûntsje, it skiep, de aap, de bear en de oaljefant ha allegear in ûngelokje hân. De iene hat in sear poatsje, de oare stapt op syn eigen slurf. Wat no? Helpsto om der in pleister op te plakken? Mar it measte helpt fansels: in tútsje derop!
Stevich printeboek fan 2 jier ôf, mei 5 ‘echte’ pleisters.